Andriesen makket ein oan krisis

28 apr 2004 - 00:00

Deputearre Andriesen kin wer mei de Steateleden troch ien doar. Se hat it wurd ûnakseptabel oer it nije streekplan foar Fryslân ynlutsen.

Provinsjale Steaten woenen har foarstel oer de takomst fan Fryslân net oannimme en stelden in amendemint foar. Om't Andriesen dat ûnakseptabel fûn, drige in krisis yn 'e provinsjale polityk. Nei neier oerlis die bliken dat DS en Provinsjale Steaten eins itselde wolle, sa ferklearre Andriesen har feroaring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)