Netwurk foar definsje-oarders

© Omrop Fryslân
De Noardlike Untwikkelingsmaatskippij NOM set in netwurk fan 20 bedriuwen op foar it winnen fan kompensjaasjeoarders fan definsje. Sokke oarders binne in gefolch fan Nederlânske oankeapen fan helikopters, tanks en fleantugen yn it bûtenlân. De ôfspraak is dat der dan foar inselde bedracht oankocht wurdt by de yndustry yn Nederlân.
De NOM tinkt dat mear fan dit wurk nei it noarden helle wurde kin en hat hjir no in projekt foar opset.