Eigen programma Renske op MTV

© Omrop Fryslân
Renske Herder fan Garyp krijt in eigen programma op MTV. Renske is de winner fan in wedstriid oer aidsfoarljochting yn Afrika. De priis is in reis nei Afrika dêr't se by in Afrikaansk gesin wenje sil. It famke út dat gesin komt dan ek in wike yn Garyp útfanhûs.
MTV makket yn dy wiken sân reportaazjes fan in healoere dy't yn septimber op de popstjoerder te sjen binne. It winnende idee is om aidsfoarljochting te jaan op fleskes drinken.