Wenbuorkerij Sondel ôfbaarnd

26 apr 2004 - 00:00

In wenbuorkerij oan de Sondelerdyk yn Sondel is moandei folslein ôfbaarnd. De brân is mooglik ûntstien nei wurksumheden achter de buorkerij. Ek huzen yn de buert ha skea. Troch de waamte knapten dêr de ruten. Der binne gjin slachtoffers.

De brânwachtkorpsen fan Balk, Sleat en De Lemmer holpen mei it blussen. De skea rint nei alle gedachten yn de miljoenen euro's. Foar safier bekend binne gjin gefaarlike stoffen frijkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)