Brân yn Snitser sporthal

26 apr 2004 - 00:00

Yn de Sneker Sporthal yn Snits hat moandeitemoarn brân west. In groep skoalbern fan de RSG-Magister Alvinus hie krekt gymnastykles hân. Nei ôfrin hat ien learling wat yn it jiskefet yn de klaaikeamer smiten. Dat is begûn te brânen. Der wie in protte reek.

De brânwacht en plysje wiene gau te plak. Mar de konsjerzje hie it fjoer al hast út. De aktiviteiten yn de sporthal kinne gewoan trochgean. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)