Blazer-aak werom yn Warkum

© Omrop Fryslân
De iennige blazer-aak fan de wrâld is werom yn Fryslân. It 100 âlde skip wurdt op de werf yn Warkum opknapt. Dêr soe it ek boud wêze. Stichting Historische Scheepvaart Workum hat it nei Fryslân helle.
It skip wie in wrak doe't it 20 jier lyn ûntdutsen waard troch de foarige eigner. Dy hat sûnt dy tiid oan it restaurearjen west. Doel is dat de blazer-aak begjin july it wetter wer yn kin.