Man oanhâlden fanwegen drugs
In ynwenner (21) fan Koatstertille is sneintenacht oanhâlden. Hy hie 19 wikkels mei kokaïne en 29 xtc-pillen by him. De plysje wie tipt dat der mooglik deald waard op in parkearplak oan de Van Stolbergstrjitte.
Doe't de plysje de man fûllearre, waard er agressyf. De man is nei it plysjeburo brocht foar fierder ûndersyk. It guod is yn beslach nommen.