Frou Faber is stoarn

26 apr 2004 - 00:00

Yn Ljouwert is sneon Gertrude Faber Hornstra ferstoarn. Fan 1952 oant 1976 wie se direkteur fan de Fryske Kultuerried. Ek soarge se foar de promoasje fan de Fryske kultuer bûten de provinsje. Har ôfskied yn 1976 yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert wie eins it begjin fan it Frysk Festival.

Frou Faber wie ek bestjoerslid fan Omrop Fryslân. De lêste jierren wenne se yn Parhove yn Ljouwert. Se is 93 jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)