Spoar Harns-Ljouwert moat bliuwe

© Omrop Fryslân
It spoar tusken Harns en Ljouwert moat bestean bliuwe. Keamer fan Keaphannel, VNO-NCW en MKB Fryslân skriuwe dat yn in brief oan Provinsjale Steaten. Se binne benaud dat it opheffen fan de spoarline negatyf is foar de ekonomyske ûntwikkelingen yn de Westergo-sône.
In tal ûndernimmers út de Westergo-sône wolle it spoar ferfange troch in busferbining. Provinsjale Steaten prate yn juny oer de takomst fan it spoar tusken Harns en Ljouwert.