Wassenaar wol oare bûnscoach

25 apr 2004 - 00:00

Keatser Chris Wassenaar fan Minnertsgea fynt dat bûnscoach Jehannes Brandsma opstappe moatte soe as bûnscoach. "Der is al in pear jier neat wûn, dan mei de coach ek wolris nei himsels sjen." Wassenaar hat sels besletten net mei te dwaan oan ynternasjonale wedstriden salang as Brandsma bûnscoach is.

Wassenaar ferwyt Brandsma in 'frjemd seleksjebelied'. "Guon fan ús bêste keatsers wiene der net by op it WK yn Itaalje."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)