Aris op syk nei houten flier

25 apr 2004 - 00:00

De Ljouwerter basketballferiening Aris is drok op syk nei in houten flier foar sporthal Kealledykje. In offisjele houtene basketball-flier is in betingst om spylje te meien yn 'e earedivyzje. Aris waard sneon kampioen en sil yn oktober yn 'e earedivyzje spylje.

De klub is dwaande om de begrutting op te lûken oant 200.000 euro. It is it doel om twa of trije nije Amerikanen oan te lûken. Fierder is it kontrakt mei Lamont Randolph ferlingd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)