Spesjaal gebed tsjerken Dokkum

25 apr 2004 - 00:00

Yn alle Dokkumer tsjerken ha de dûmnys snein in spesjaal gebed útsprutsen. De foargongers fregen yn it gebed om wiisheid foar de bestjoerders fan 'e gemeente Dongeradiel, dy't dizze wike in beslút nimme moatte oer de festiging fan in fertreksintrum foar asylsikers.

De yntertsjerklike wurkgroep asylsikerssintrum hie om it gebed frege. Dûmny De Jong fan Dokkum tinkt dat in soad riedsleden fan ûnder oaren it CDA wrakselje mei it beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)