H'fean helpt Vitesse oan punt

25 apr 2004 - 00:00

SC Hearrenfean spile sneontejûn swak tsjin Vitesse. Yn eigen stadion kaam Hearrenfean sneon net fierder as in lykspul: 0-0. It hie lykwols noch slimmer kinnen, want yn 'e twadde helte wiene de bêste kânsen foar Vitesse.

Hearrenfean spile fierstente te traach. Foaral it middenfjild draaide net goed. Spits Sibon krige yn 'e earste helte mar ien brûkbere foarset. Yn 'e twadde helte skeat Amoah fan Vitesse op 'e peal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)