TV-prizen foar Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat twa prizen wûn op it festival fan Circom-regional yn Galway (Ierlân). Circom is in organisaasje fan publike regionale omroppen yn Europa.
In earste priis wie der foar regisseur Piter Tjeerdsma foar syn film oer poppespiler Feike Boschma: 'Sjoch der leit wat op 'e dyk', mei muzyk fan de dizze wike ferstoarne Cees Bylstra. In twadde priis is foar sportredakteur Arjen de Boer mei syn reportaazje oer de 7e klasse A fan it amateurfuotbal.