Mear betrouwen yn oandielemerk

© Omrop Fryslân
Partikuliere belizzers krije hieltyd mear betrouwen yn de oandielemerk. Dat die sneontemoarn bliken by in gearkomste foar belizzers fan de Friesland Bank yn Oranjewâld.
De bank organisearre de sakebrunch tegearre mei Euronext en dêr kamen sa'n 150 minsken op ôf. Neffens it haad effekten fan de Friesland Bank, Albert van Zadelhoff, sjogge we op it stuit hieltyd mear in ferskowing fan sparjen yn de rjochting fan belizzen.