WK: België - Nederlân 5-0/6-2

© Omrop Fryslân
De Nederlânske keatsers binne yn it llargues ôfdroege troch de Belgen. It waard 5-0 foar de suderbuorren. De Fryske keatsers krigen alle hoeken fan it fjild te sjen en wiene op alle ûnderdielen de mindere.
Yn it ynternasjonaal spul wiene de Belgen ek de sterkere. It waard 6-2 foar de Belgyske ploech. Troch yn twa dissiplines tsjin de klasse fan de Belgen oan te rinnen, gong it toernoai foar de Friezen út as in nachtkears.