Argewaasje oer nije regels

23 apr 2004 - 00:00

De organisatoren fan de grutte Fryske eveneminten yn Fryslân lykas de PC, it skûtsjesilen en de alvestêdetochten ha grutte problemen mei de strange regels dy't Den Haach de eveneminten opleit. De organisatoren ha meiinoar om 'e tafel west. Se wolle better taspitste regels op it eigen eveneminten, want skûtsjesilen is op it lêst gjin PC.

De Fytsalvestêdetocht moat 300 minsken opliede om it ferkear te regeljen; net te dwaan neffens foarsitter Norder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)