Potferdoarje fuortpoetst

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân past de spots op radio en tillevyzje oan. Dêryn komt it wurd 'potferdoarje' foar. Dat wurdt no fuortpypt of derút knipt. Oanlieding is in brief fan Koen Zondag fan Feanwâlden dy't him oan 'e spot steurde. Zondag seit dat 'potferdoarje' neffens it Van Dale-wurdboek fan 'GVD' ôflaat is.
Yn 'e spots ropt Pyt Paulusma tegearre mei syn heit minsken dochs foaral op te stimmen foar de wetterskipsferkiezings.