Funny Walks op 'e Slachte

23 apr 2004 - 00:00

De organisaasje fan 'e Slachtemaraton siket tweintich manlju boppe de 40 jier foar in bysûndere akt. Se moatte tusken Easterwierrum en Boazum op in aparte wize rinne. De akt hjit 'Funny Walks', nei de sketsj Ministry of Silly Walks fan it Britse Monty Python.

De sketsj moat in soartemint pelgrimaazje útbyldzje. Alles stiet ûnder lieding fan regisseuse Jenny Nijkamp. De kandidaten moatte twa sneonen beskikber wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)