Nederlân der út by it pallapugno

© Omrop Fryslân
De Fryske keatsers binne tongersdei by it WK Keatsen yn Itaalje útskeakele by de kompetysje yn 'e Italjaanske spulsoart pallapugno. Nederlân wûn fan Frankryk, mar Spanje wie in maatsje te grut. Nederlân ferlear mei 6-3.
By Spanje stie kaatsleginde Paco (50) yn it fjild. De man kreunde der oer, mar makke likegoed mar ien lyts foutsje. Foar Nederlân stiene Michel van der Veen, Douwe Groenendyk en Jochum Bouma yn it fjild.