Utstel foar garaazje Waaksma

© Omrop Fryslân
Autobedriuw Waaksma yn Koatstertille hat útstel krige fan 'e gemeente Achtkarspelen. Autohannel op it plak dêr't se no sitte, is yn striid mei it bestimmingsplan. Sadwaande moast it bedriuw foar 1 desimber derwei. Dat is no 1 july 2006 wurden. Wethâlder Van der Wal hat oer de saak oerlein mei Waaksma. Ut dy petearen hat bliken dien dat it bedriuw wol ferhúzje kin. De gemeente hat de garaazje dêrfoar ekstra tiid jûn.