Europa stipet mooglik eilannen

© Omrop Fryslân
De Waadeilannen krije miskien 70.000 euro Europeesk jild. Trije projekten binne dêrfoar yntsjinne. It giet om in sintrale sportfoarsjenning en de seesleepboat Holland, beide op Skylge. Fierder komt der mooglik jild foar de VVV's op 'e Waadeilannen.
De plannen hawwe in posityf advys krige fan de Actiegroep Waddeneilanden, ynsteld troch de trije Noardelike provinsjes. Uteinlik moatte Deputearre Steaten der in beslút oer nimme.