Sâlte ynlit min foar lânbou

© Omrop Fryslân
Lânbougebieten oan 'e Waadsee moatte net bewettere wurde út 'e Iselmar en 'e Lauwersmar wei. Dat seit lânbou-organisaasje NLTO yn reaksje op it rapport-Meijer oer de takomst fan it Waadgebiet. De útwreiding fan 'e sâlte ynfloed giet ten koste fan lânbougrûn, want dy moat ûntpoldere wurde.
De NLTO hat no in brânbrief nei minister Veerman skreaun, dêr't yn stiet dat de foarstellen ten koste gean fan lânbougrûn.