Brok begjint oan tredde termyn

© Omrop Fryslân
VVD-boargemaster Arno Brok fan Snits bliuwt nochris trije jier foarsitter fan it provinsjaal bestjoer fan de liberalen. De algemiene ledengearkomste fan de VVD Fryslân keas him unanym. Brok wie de iennige kandidaat foar it foarsitterskip.
Arno Brok hat al twa perioaden fan trije jier foarsitter west fan it provinsjaal bestjoer. Dat er no herkeazen wurdt is neffens de statuten fan de partij in hege útsûndering.