Horse & Lifestyle: 50.000 skuld

22 apr 2004 - 00:00

De organisaasje fan 'e hynstebeurs Horse & Lifestyle lit in skuld achter fan dik 50.000 euro. De beurs waard trije wike lyn hâlden yn it Frysk hynstesintrum yn Drachten. Sa'n tritich bedriuwen ha no berjocht krigen dat harren rekkens net betelle wurde kinne. Der wiene 6000 besikers op de beurs.

Organisator Van Ettekoven út Tolbert seit dat er de kosten ferkeard ynskat hat. Fierders is er tsjinwurke troch it Frysk Hynstesintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)