Witteveen en Bos bouwe akwadukt

22 apr 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân moat de tarieding fan 'e bou fan in akwadukt yn 'e Geeuw by Snits gunne oan it bedriuw Witteveen en Bos út Deventer. Dat hat de rjochter bepaald yn it koart pleit dat it bedriuw tsjin de provinsje oanspande.

It bedriuw kaam by ynskriuwing as bêste en goedkeapste út 'e bus. De provinsje fûn it ferskil mei nûmer twa lykwols sa lyts dat der lotte waard. Witteveen en Bos foel doe bûten de boat, mar hat no gelyk krigen fan 'e rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)