Brussel: stjoerders op konteners

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat seekonteners mei giftige lading yn de takomst ferplichte in stjoerderke ha moatte. It idee fan VVD-europarlemintariër Herman Vermeer is goedkard troch it Europeesk Parlemint. Vermeer kaam mei it idee nei de ramp mei it frachtskip Andinet dat tsientallen fergiffetten ferlear. Se leine yn 'e Noardsee by Flylân.
As der in stjoerderke op de konteners sitten hie, wiene se nei alle gedachten gau weromfûn.