Promoasje sealfuotballers H'fean

© Omrop Fryslân
Foar de earste kear yn 'e skiednis fan it sealfuotbaljen hat Fryslân in ploech op it heechste nivo. Woansdeitejûn waard It Hearrenfean yn in grôtfolle sporthal De Telle kampioen fan 'e earste divyzje. Tsjin grutte konkurrint AORC fan Amsterdam waard it 3-3, genôch foar it kampioenskip.
It liket earst noch hast mis te gean. Want de Amsterdammers namen in 3-0 foarsprong. Op karakter sleepten de Feansters der in lykspul út.