Betonwei al hast klear

21 apr 2004 - 00:00

De rekonstruksje fan de Betonwei op 'e Harkema duorret koarter as earst tocht. Nije wike tongersdei al geane de stekken fan de Betonwei ôf. Dat jildt foar de haadrydwei en de paralleldiken. De dyk wie sûnt septimber ticht.

Autoferkear moast sûnt dy tiid omride. De âlde betonplaten binne no allegear ferfongen troch in nije laach asfalt. Dat de dyk earder iepen kin hat ûnder oaren te krijen mei it goeie waar fan de lêste wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)