Baggerdepot Trijehûs moat heger

21 apr 2004 - 00:00

It provinsjale baggerdepot op it eilân Trijehûs by Grou moat folle heger as de ried fan Boarnsterhim tastiet. De ried wol net heger gean as 2 meter, omdat oars it lânskip bedoarn wurdt.

De provinsje wol nei in hichte fan 3 meter 60. Om dat te berikken, is de ried útnoege foar in provinsjale ekskurzje nei it eilân. As de ried net fan miening feroaret, is it folle djoerder om dêr bagger te stoarten en oare lokaasjes binne der eins net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)