Fryslân wol mear foech oer Frysk

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol sels it foech hawwe oer de ynfolling fan it Frysk yn it ûnderwiis. Dat foech is no noch yn hannen fan it ministearje fan ûnderwiis. Deputearre Mulder ferwachtet dat de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis dêr better troch wurde kin.
Fryslân hat yntusken in fersyk yntsjinne by de rie fan Europa en by it ministearje fan ûnderwiis om it foech oan de provinsje oer te dragen. Der komt noch in petear mei de minister.