Files by De Jouwer troch ûngelok

21 apr 2004 - 00:00

In ûngelok mei in frachtauto soarge woansdei op de rotonde by De Jouwer foar lange files. De frachtauto kaam út de rjochting fan De Lemmer en woe nei It Hearrenfean. De wein ferlear op de rotonde syn oplizzer. Ien rydbaan op de rotonde en de bypass waarden ôfsluten.

Der is ûndersyk dien nei hoe't de auto syn oplizzer kwyt reitsje koe. It die bliken dat de keppeling tusken frachtauto en oplizzer net goed wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)