Aksje tsjin Sintrale As

© Omrop Fryslân
Feanwâlden fiert aksje tsjin de mooglike oanlis fan de Sintrale As. Dy soe neist it doarp of der trochhinne komme. De nije dyk nei Dokkum moat Noard-East Fryslân ûntslute. DS beslute takom jier wêr't de dyk oanlein wurdt.
Feanwâldsters wolle de dyk net troch it doarp ha. Oan deputearre Ton Baas binne woansdei goed 1500 hantekens oerlange. De ferskate alternativen wurde nochris besjoen yn in Miljeu Effekt Rapportaazje.