Yllegale froulju seksklub Elslo

© Omrop Fryslân
By in ynfal yn in seksklub yn Elslo binne trije yllegale froulju oanhâlden. It prostitúsjeteam fan 'e Fryske plysje fierde de ynfal út. Yn 'e klub trof de plysje sân prostituees oan. Der wie ien Nederlânske frou by, ien út Dútslân en fiif út 'e Dominikaanske Republyk.
De trije yllegale froulju moatte foar 1 juny út Nederlân wei wêze. It prostitúsjeteam sil de Fryske seksklub de kommende tiid stranger op 'e kuer hâlde.