Stipe kultuer ûnearlik ferdield

21 apr 2004 - 00:00

De rykssubsydzjes foar kultuer wurde ûnearlik oer it lân ferdield. Dat sizze wethâlder Van Mourik fan Ljouwert en deputearre Mulder. Se reagearje op de nota fan de Raad voor Cultuur. Fan de hast 400 miljoen euro is 3,4% foar it Noarden.

De Ried is negatyf oer it noardlik produksjefûns foar kultuer dêr't de trije provinsjes mei dwaande binne. It is te abstrakt. Ljouwert wol besykje jild te krijen foar it Filmfestival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)