Regelingen foar WIW'ers

© Omrop Fryslân
Wurkjouwers dy't in WIW'er yn tsjinst nimme krije fan de gemeente Ljouwert in fergoeding. De gemeente hat besjoen wat der mei de 128 WIW'ers barre moat as dit jier har arbeidsoerienkomst ôfrint.
Foar 50 fan de minsken dy't earder in subsidiearre baan hienen, wurdt sjoen oft se by oare bedriuwen wurkje kinne. Guon kinne ek fia it projekt 'Kansen Zien en Benutten' oan it wurk. Sa'n 20 minsken lju falle bûten de regelingen. Se moatte wachtsje op subsidiearre wurk.