Dokkumers tsjin fertreksintrum

21 apr 2004 - 00:00

Op de harksitting fan Dongeradiel oer it fertreksintrum kamen sa'n 200 tsjinstanners ôf. Net ien wie iepentlik foar it sintrum foar útprosedearre asylsikers yn Dokkum. De ried hie de jûn organisearre om't it op 29 april beslute moat oer it sintrum.

It Kolleezje is foar de komst. Mei it COA en it ministearje fan Justysje is al oerienstimming berikt oer it sintrum. It lêste wurd leit úteinlik by de 19 gemeenteriedsleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)