Pasfoto fan supporters It Fean

© Omrop Fryslân
Supporters dy't útwedstriden fan SC Hearrenfean sjen wolle, moatte fan takom seizoen ôf earst in pasfoto ynleverje. Dy maatregel komt fan Hearrenfean sels om't de klup beslist witte wol wa't meireizget.
De pasfoto wurdt yn in kompjûter opslein. Stewards fan it stadion dêr't de supporters hinne gean, helje de klupkaart troch in skenner en kinne sjen oft dy persoan ek echt eigner is fan dy klupkaart.