Fleanen postdowen beheind

© Omrop Fryslân
Dowehâlders yn De Westerein meitsje har soargen oer plannen fan de gemeente Dantumadiel om it fleanen fan postdowen flink te beheinen. Sa kin it dowehâlders aanst bygelyks ferbean wurde om dowen los te litten as dy skea oan de lânbougewaaksen tabringe, it miljeu fersmoargje of lûdsoerlêst feroarsaakje.
De gemeente kin dowehâlders no ek wol beheinings oplizze. Dy geane lykwols lang sa fier net as de nije plannen.