Dochs sportpriis foar Vlasveld

© Omrop Fryslân
Tri-atlete Marianne Vlasveld krijt dochs te provinsjale sport-wikselpriis, sa hat de provinsje besletten. Moandei wie it noch ûndúdlik oft Vlasveld de priis krije soe, om't se offisjeel net yn Fryslân wennet.
Vlasveld stiet ynskreaun op it adres fan har mem, mar as se yn it lân is, wennet se yn in rekreaasjehúske yn Reahel. Permaninte bewenning is dêr net tastien. De sjuery wiisde Vlasveld as winner, mar DS moasten úteinlik beslute.