Twatûzen hantekens foar Knol

20 apr 2004 - 00:00

De hantekenaksje tsjin it ferdwinen fan it bedriuw Knol út Aldeboarn hat mear as 2000 hantekens opsmiten. Knol mei net nei in oar plak ferhúzje yn it doarp fan de provinsje, om't it dêr te grut foar wêze soe. In aksjekomitee wol it bedriuw foar Aldeboarn behâlde.

Mei de 2000 hantekens wurdt it ûnderwerp no op de aginda set fan Provinsjale Steaten. Knol makket alfêst in lytsskaliger plan foar in nije lokaasje yn Aldeboarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)