Harense Smid yn foar Megapool

© Omrop Fryslân
Elektroanikaketen de Harense Smid besjocht dizze wike oft de winkels fan Megapool yn Ljouwert en Drachten oer- naam wurde sille. De Harense Smid nimt 25 saken fan it fallite Megapool oer, mar ûndúdlik is noch hokker dat binne.
Dat hinget ûnder oaren ôf fan de hichte fan de hier fan de winkelpannen, hoe't de omset is en oft der mear festigings fan de Harense Smid yn de buert binne. It bedriuw praat fan 'e wike mei it personeel fan Megapool.