Surhústerfean ûndersiket takomst

20 apr 2004 - 00:00

Achtkarspelen hat in planologysk buro ynskeakele om in nij bestimmingsplan foar it sintrum fan Surhústerfean te meitsjen. It buro sil útsykje hoe't it der hinne leit mei it winkelsintrum en wat oars kinne soe.

Underdiel fan it ûndersyk is in enkête ûnder de ûndernimmers. Ek sil útsocht wurde watfoar publyk der komt en wat de minsken keapje yn Surhústerfean. Dúdlik moat wurde wat de ekonomyske mooglik- heden foar it doarp binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)