DSB hat meisponsor foar maraton

19 apr 2004 - 00:00

DSB hat in meisponsor fûn foar it maratonreedriden. It finansjele bedriuw fan Fries om utens Dirk Scheringa foarmet foar trije jier in kombinaasje mei fersekerder Proteq Direct.

Maarten Heideman komt foar de nije ploech út. Dêryn sitte René Ruitenberg, Peter de Vries út It Hearrenfean en Peter Baars. Ruud Borst, Roel van Hest, Frank Woltman en Ruud Aarts binne it oar team mei de namme DSB. Der is ek in frouljusploech mei deselde namme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)