Fryske havendagen yn Harns

© Omrop Fryslân
De earste Fryske havendagen yn juny moatte 150.000 besikers lûke. Dat hat de organisaasje moandei bekend makke. De dagen wurde hâlden ta gelegenheid fan de iepening fan de nije yndustryhaven. Doel is om de havendagen om de fjouwer jier te organisearjen.
Op tal fan plakken yn Harns wurdt op 4, 5 en 6 juny klassike muzyk opfierd. Der lizze âlde en nije skippen yn de haven om de ferskillen tusken de skipfeart fan no en eartiids sjen te litten.