Cees Bylstra ferstoarn

19 apr 2004 - 00:00

Yn Grou is Cees Bylstra snein hommels ferstoarn. Hy wie programmamakker by Omrop Fryslân. Hy is 58 jier wurden. Hy wurke sa'n 30 jier mei oan de edukative programma's fan de Omrop.

Jierrenlang wie Bylstra mei syn combo begelieder by Rients Gratama. Hy skreau in soad muzyk foar Tryater en foar films as De Dream en Nynke. Ek foar Omrop Fryslân arranzjearre Bylstra hûnderten ferskes. Hy skreau ek de muzyk foar de tunes fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)