Frou stoarn by Sweins
In frou (48) út Ljouwert is snein om it libben kommen. Se fytste op de Ryksstrjitwei by Sweins. Se kaam út de rjochting fan Frjentsjer. Se rekke yn it wetter, nei alle gedachten nei in epileptyske oanfal.
Doe't de helptsjinsten op it plak fan it ûngelok kamen, wie it slachtoffer al stoarn. De brânwacht helle it stoflik omskot út it wetter.