Nije haadyngong MCL iepen

19 apr 2004 - 00:00

Besikers fan it MCL yn Ljouwert binne it paad bjuster. De nije haadyngong fan it sikehûs oan de Henri Dunantwei is moandei yn gebrûk naam. Net elkenien wit dat. Guon pasjinten steane noch by de yngong oan de achterkant. Dy waard tydlik ynsteld fanwegen de nijbou.

Mei de nije haadyngong hoege pasjinten, personiel en besikers har auto net langer yn de parkeargaraazje del te setten. Sneon 24 april hâldt it sikehûs MCL iepen hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)