De Wingerd mei nijbouwe

19 apr 2004 - 00:00

Skoalle de Wingerd yn Damwâld mei nijbouwe. It gemeentebestjoer hat derfoar goed fiif miljoen euro beskiber steld. Op de skoalle foar dreech learende bern sitte goed 150 learlingen út de hiele provinsje.

De learlingen folgje spesjaal ûnderwiis op basis- en middelbere skoalnivo. Der is ek noch in saneamde ferbrede doelgroep. De bern fan dy trije rjochtingen sitte no troch elkoar hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)