Keatsers oankommen yn Itaalje

© Omrop Fryslân
De Fryske keatsers binne moandeitemoarn betiid ôfset nei it WK Keatsen yn Itaalje. It Mondiali di Pallapugno, sa't it evenemint dêr offisjeel hjit, set moandeitemiddei útein mei de iepeningsseremoanje yn Alba.
Tiisdei begjinne de wedstriden yn it muorrekeatsen en de Italjaanske fariant Pallapugno. By it muorrekeatsen komme foar Fryslân Karel Nijman en Michel van der Veen yn aksje. Yn it pallapugno binne de Friezen net sa tûk.